Drachtster airstrip ticht

09 apr 2013 - 11:43
  • De Drachtster airstrip

De Drachtster airstrip is ticht. De stifting fan it fleanfjild hat spul mei Vliegclub Fryslân. Wurdfierder Henry Frieswijk fan de gemeente Smellingerlân seit dat de partijen it ûnder oare net mei-inoar iens binne oer it havenjild. It probleem is dat hjirtroch de feiligens fan de haventsjinsten net garandearre wurde kin.

De gemeente fynt dat de airstrip dêrom net langer iepen bliuwe kin. De gemeente bliuwt wol yn petear mei de fleanklup. Hoelang't de Drachtster airstrip krekt ticht bliuwe sil is net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)