Drachtster (77) ferwûne troch fallende beam

07 nov 2014 - 15:47

In 77-jierrige man út Drachten is freedtemiddei slim ferwûne rekke doe't er in beam op him krige. De man wie mei ferskate oare manlju beammen oan it seagjen. Dat wie op de Skieding by Drachtsterkompenije. In beam foel en de man koe net op tiid fuort komme. De helptsjinsten, wêrûnder de traumahelikopter, rukten manmachtich út en hellen de man ûnder de beam wei.

It slachtoffer is mei ferwunings oan de holle en in skonk nei it UMCG yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)