Drachtster (18) op Skylge pakt

28 jul 2013 - 10:23

Op in kemping oan de Oosterburen by Midslân op Skylge is sneontejûn in jonge fan 18 út Drachten oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it ferkeapjen fan drugs. In befeiligingsmeiwurker seach dat de jonge dwaande wie en helle de plysje der by. Dy hat sân XTC-pillen yn beslach nommen en de sinten dy't hy mooglik mei de hannel fertsjinne hie. Tsjin de Drachtster wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)