Drachten yn race 'beste stêd'

21 des 2004 - 10:01

Drachten docht moandeitejûn mei oan de race foar de titel beste stêd fan Nederlân. Neffens de enkête fan ûndersyksburo Interview/NSS kaam Drachten út it neat yn 'e top 60 terjochte. Yn 'e grutte tv-show op Nederlân 2 wurdt dúdlik oft Drachten ek meistriidt om in topklassearring.

Om de nominaasje fan Drachten te stypjen is in bus fol Drachtster pommeranten en politisi nei Aalsmeer reizge om it programma by te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)