Drachten yn degradaasjestriid

31 maaie 2008 - 17:47

Kuorbalhaadklasser Drachten hat yn Dordrecht mei 18-16 ferlern fan Oranje Wyt. Drachten krige yn de wedstriid in soad kânsen, mar makke it net ôf.

Troch dit resultaat is Drachten fjirde wurden yn de pûl en moat de ploech op 7 en 14 juny beslissingswedstriden spylje om degradaasje foar te kommen. De tsjinstanner wurdt dan SCO út Aldeholtpea of Die Haghe út Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)