Drachten wol ynternasjonaal

27 jan 2011 - 17:54
  • Der wie dit jier wol in soad belangstelling

Undernimmers yn Drachten wolle graach de ynternasjonale merk op. Dat die tongersdei bliken op in spesjale byienkomst oer eksport dy't opsetten wie troch de gemeente. Goed 80 ûndernimmers kamen nei Philips ta om speeches fan ferskate eksperts oan te hearren. Der wie rekkene op 30.

Ferline jier hie de gemeente ek al besocht sa'n byienkomst op te setten, mar doe wie der eins gjin belangstelling en gong it uteinlik net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)