Drachten wol in simulator

25 nov 2011 - 20:36

It ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten wol graach útwreidzje mei in simulator. Dy kin brûkt wurde om gefaarlike sitewaasjes noch better te oefenjen. Dat seit siktaris Sipke van der Meulen fan it regionaal orgaan ferkearsfeiligens. Dizze wike waarden de konklúzjes fan ûndersyk fan it UMCG yn Grins bekend: Troch in koarte kursus fan in oere mei sa'n simulator kinne jongeren al hiel wat leare oer gefaar yn it ferkear. Benammen oer it ynskatten fan risiko's..

De simulator past goed by de doelstellings fan it edukaasjesintrum yn Drachten, fynt Van der Meulen. Deputearre Poepjes is ree om te sjen nei in bydrage, as der in oanfraach dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)