Drachten wint by Starum

26 jul 2014 - 16:20
  • Skûtsje Drachten

Jeroen Pietersma hat sneon it skûtsjesilen op de Iselmar by Starum wûn. Mei it skûtsje fan Drachten kaam er as earste oer de finishline. It is syn earste jier as skipper. De Jouwer lei lang op it twadde plak, mar moast oan de ein Grou krekt noch foargean litte. Ljouwert waard fjirde en Snits einige as fyfde.

Yn it klassemint liedt Douwe Visser fan Grou, folge troch Douwe Visser fan Snits en tred stiet Langwar. Snein is in rêstdei en moandei sile de skûtsjes by Wâldsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)