Drachten wint op 'e Snitsermar

25 jul 2003 - 00:00

It skûtsje fan Drachten fan skipper Douwe Visser hat de lêste SKS-wedstriid fan freed op 'e Snitsermar wûn. Snits lei in skoft op kop foar it eigen publyk, mar moast dochs belies jaan oan it Drachtster skûtsje en dat fan de Súdwesthoeke.

Tongersdei wie lykwols al dúdlik dat Snits kampioen is by de SKS. Yn it klassemint wie Snits net mear yn te heljen. Sneon wurdt de bemanning fan De Sneker Pan huldige yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)