Drachten wint; Boalsert kampioen

07 aug 2004 - 15:53

Douwe Visser fan Drachten hat de lêste wedstriid fan it SKS-silen by Snits wûn. Nei de eardere winst by Starum is dit de twadde oerwinning foar Drachten. Twad waard Wâldsein en Earnewâld waard as tredde ôfsketten.

Boalsert, dat krekt foar It Hearrenfean yn it klassemint stie, duts syn konkurrint de hiele wedstriid goed ôf. Mei sukses want Eldert Meeter is kampioen fan de silerij. Twad is Pieter Brouwer fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)