'Drachten wach op ynbrekkers'

20 feb 2014 - 17:05
  • Ynbraak

Drachtsters moatte de eagen en earen goed iepen hâlde foar ynbrekkers. Dy oprop docht de boargemaster fan Smellingerlân. Drachten hat sûnt dizze winter te krijen mei in soad ynbraken. Dit jier hawwe der al 43 west. Benammen de wiken De Venen, De Singels en De Drait krije faak besite fan dieven.

Ein jannewaris is in 23-jierrige Grinzer oanhâlden op fertinking fan goed tweintich ynbraken. Nettsjinsteande de oanhâlding nimt it tal wenningynbraken noch altyd ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)