'Drachten Vaart' út ein set

15 maaie 2004 - 00:00

Foar it earst waard sneon it wettersportseizoen ek yn Drachten iepene. Drachten wol himsels op de kaart sette as wettersportdoarp. Mei it Drachtsterfeart-projekt liket dit hieltyd mear mooglik te wurden.

Sneon wie it begjin fan de manifestaasje Drachten Vaart. Ek waard de nije trochstek fan it iepen Fryske wetter mei de Drachtsterfeart offisjeel iepene. De feart moat oant it sintrum fan Drachten ta komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)