Drachten ûnrêstich nei Oranje

07 jul 2010 - 09:52
  • (foto: Jilmer Postma)
  • Foto Omrop Fryslân

Yn Drachten wie it tiisdeitejûn ûnrêstich nei de wedstryd fan Oranje. Hûnderten jongeren hinderen it ferkear op De Kaden. Se rûnen oer auto's en trapen der tsjinoan. Ek foelen se in bus oan. De plysje sette in wapenstok en twa plysjehûnen yn om de jongeren út elkoar te heljen.

Sa'n 60 jongeren bleaune oer. Se smieten mei fjoerwurk en foelen twa plysjeminsken oan. Ien plysjeman is mishannele en in plysjewein is bekûgele. Net ien is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)