Drachten skjinst fan Nederlân

21 des 2004 - 11:43

Drachten is it skjinste plak fan Nederlân. Dat is moandei bekend makke yn it tv-programma 'De beste stad van Nederland'. Drachten wie ek nominearre foar de bêste stêd, mar dy titel gie nei Maastricht. Grins is de feilichste stêd en Veenendaal de grienste stêd.

De ferkiezing gie tusken 60 gemeenten. Neffens boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân krige Drachten de titel fanwege it miljeubelied. Sa brûkt de gemeente gjin gemysk guod tsjin túch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)