Drachten: sintrumstêd Noarden

10 feb 2004 - 00:00

Drachten moat sintrumstêd fan it Noarden wurde. Dat sei boargemaster Van der Zaag tiisdei. De gemeente moat mear oan promoasje dwaan en soargje foar genôch bedriuwsromte. De ynfrastruktuer wurdt ferbettere en der komme 2500 nije huzen by.

Smellingerlân hat in hege wurkleasheid. Oant 2007 moatte der 1900 nije arbeidsplakken komme. Boargemaster Van der Zaag ferwachtet dat yn 2020 sa'n 65.000 minsken yn Smellingerlân wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)