Drachten siket manager dy't it sintrum brûzjender makket

25 mrt 2015 - 21:36

Drachten moat in sintrummanager krije. Dat fynt de stichting Management Centrum Dr88. Dêrom binne se no útein set mei in syktocht nei in manager. De manager krijt as taak it sterker meitsjen fan in brûzjend Drachtster sintrum.

Sa moatte der ûnder oaren nije winkels oanlutsen wurde, en moatte besteande winkels stipe wurde. De stichting Management Centrum Dr88 is spesjaal oprjochte om de oanstelling fan de manager mooglik te meitsjen. Yn de stichting wurkje ûnder oaren de gemeente Smellingerlân en it ûndernimmersfûns gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)