Drachten set ljochtkeunst yn om sintrum op te fleurjen

10 nov 2015 - 22:25
  • Ljochtkeunst op plein by it museum yn Drachten

It sintrum fan Drachten moat geselliger wurde. Bewenners fan Drachten moatte grutsk wêze kinne op it plak dêr't se wenje. Dêrom moat it sintrum op plakken dy't no noch wat saai binne, oanklaaid wurde mei keunst. Dat fynt wethâlder Marja Krans fan de gemeente Smellingerlân. It earste ljochtkeunstwurk is no te sjen op it Museumplein yn Drachten. Dêr stiet in beamer dy't as it tsjuster wurdt, keunstwurken op de strjitstiennen projektearret.

It winkeljend publyk en in soad ynwenners binne goed te sprekken oer it keunstwurk. ''It bringt wat libben op it Museumplein. Ik wenje hjirboppe, dus it is in leuk útsicht. Ek foar de minsken dy't hjir delkomme'', seit in ynwenner fan Drachten.

De keunstwurken binne makke troch de Drachtster keunstner Johan van Aken. Om de trije moannen wurde nije keunstwurken projektearre. Dy sille makke wurde troch profesjonele keunstners út de regio en troch learlingen fan ROC De Friese Poort. De projeksjekeunst op de strjitstiennen is in inisjatyf fan Museum Dr8888, de gemeente Smellingerlân en de Bibliotheek Drachten. Direkteur Paulo Martina fan it museum slút net út dat yn de takomst ek amateurkeunsters, bygelyks ynwenners fan Drachten, keunst meitsje meie foar de ljochtprojektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)