Drachten praat oer privacy

12 des 2010 - 10:47

De riedskommisje mienskip en soarch fan de gemeente Smellingerlân praat moandei oer de privacy by de loketten foar sosjale saken yn it gemeentehûs yn Drachten. By de ferbou fan it gemeentehûs is keazen foar in iepen karakter, wêrby't boargers fragen stelle kinne oan loketten yn de hal. Oare minsken kinne dy petearen hearre.

De kliïnteried foar minsken mei in útkearing en minima seit in soad klachten te krijen oer it ûntbrekken fan privacy oan de loketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)