Drachten nije basketbalflier

08 okt 2010 - 12:13

Sportsintrum Drachten hat as earste fan Nederlân in basketbalfjild neffens de nije regels. Sneon sil basketbalferiening Penta syn earste wedstryd op de nije flier spylje. It fjild hat oare ôfmjittingen.

De FIBA, it ynternasjonale basketbalbûn, wol dat alle ferienings dy't útkomme yn de earedivyzje fan no ôf op de nije fjilden spylje. Yn Drachten wurdt net op it heechste nivo spile, mar se binne dêr dochs op de nije flier oergien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)