Drachten nei de haadklasse

10 mrt 2007 - 21:53

De kuorballers fan Drachten spylje it kommende seizoen yn de haadklasse. De Drachtsters wûnen sneontejûn de beslissingswedstriid om it kampioenskip mei 14-11 fan CSL. Yn in grôtfolle sporthal Koartsweagen op De Gordyk wie Drachten de bettere ploech. By it skoft stie Drachten mei 8-5 foar.

De ploech fan trainer Jan Piepers wurdt kommend seizoen neist SCO en Mid Fryslân de tredde haadklasser yn de seal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)