'Drachten moat griener wurde'

10 jun 2014 - 06:58

De lanlike feriening Groei en Bloei wol stêden en doarpen yn Fryslân griener meitsje. Yn de Nasjonale Túnwike dy't sneon úteinset, wurde minsken stimulearre om in tegel út de stoepe te heljen en dêr in plant of beamke yn te setten. Doel is om sa in buerttún foar de wykbewenners te meitsjen.

Yn Ljouwert en op It Hearrenfean binne al suksesfolle foarbylden te finen. GrienLinks yn Drachten wol mei in ynformaasjejûn de boargers aktivearje om ek mei te dwaan. Boppedat moat de gemeente de oankundige besunigings op grien skrasse.

De lokale ôfdieling fan Groei en Bloei yn Drachten hat ferskate aktiviteiten yn de Nasjonale Túnwike yn it doarp opset. Wethâlder Van der Horst sil op 14 juny it offisjele startsein jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)