Drachten-Mid Fryslân 24-27

12 feb 2011 - 21:55
  • Mid Fryslân

De kuorballers fan Drachten en Mid-Fryslân makken der in aardige wedstriid fan mei in protte goals. Mid-Fryslân luts mei 27-24 oan it langste ein. Yn de earste helte wiene beide ploegen oaninoar weage. Mei acht doelpunten fan de Drachtster froulju wie it healwei 13-13. De twadde helte wie dúdlik foar de kuorballers fan Reduzum en Grou. Dy ploech kaam op 18-14 en spile de wedstriid bekwaam út.

Drachten kin de degradaasje út de haadklasse hast net mear ûntrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)