Drachten mei fierder groeie

27 jan 2009 - 21:25

De helte fan de ynwenners fan Smellingerlân fynt dat Drachten groeie mei nei 60.000 ynwenners. It plak telt no 45.000 ynwenners. Dat docht bliken út in stekproef fan de gemeente. Utwreiding fan Drachten mei fan in mearderheid fan de lju dy't ûnderfrege waarden. Der soe boud wurde moatte oan de súdkant fan de A7 en de eastkant fan de N31. Minsken út de doarpen steane hjir meast negatyf tsjinoer. De útkomsten wurde brûkt foar it meitsjen fan in takomstfisy fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)