Drachten: manlju slaan famkes

11 feb 2012 - 14:41

Yn Drachten binne freedtenacht fjouwer manlju oppakt nei in fjochtpartij op 'e Noardkade. De plysje hie in melding krigen dat in groep famkes troch in stel manlju slein wie. Doe't se der kamen troffen se in grutte groep manlju en in stel famkes oan. In frou fan 20 fertelde dat sy en har freondinne slein wiene, doe't se spul krigen hiene mei de manlju.

De plysje hat úteinlik fjouwer manlju út Almere, Emmeloard en Amsterdam meinaam nei it it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)