Drachten krijt wolkomwinkel foar flechtlingen

20 sep 2015 - 15:12

Drachten krijt in saneamde Welkom Winkel foar flechtlingen. Pieter van der Zwan fan de organisaasje Wij zijn gastvrij hat dêr it inisjatyf foar naam. Minsken dy't klean of boartersguod oer hawwe, kinne dat nei de wolkomwinkel ta bringe. Frijwilligers fan it Reade Krús sille it guod dan útsykje. Flechtlingen kinne mei in bontsjesysteem klean en boartersguod ophelje.

It krekte plak fan de winkel is noch net bekend. Fan 'e wike wurdt dêr in beslút oer naam.

Yn in loads stean al fyftjin pallets mei klean en guod klear foar de wolkomwinkel. It Reade Krús is noch op syk nei frijwilligers om it guod út te sykjen. Dy minsken kinne harren melde by www.wijzijngastvrij.frl

De wolkomwinkel yn Drachten is de earste yn Fryslân. Oant no ta binne der sân winkels iepene yn Nederlân, yn Goes, Utrecht, Roermond, Zwolle, Stadskanaal, Tilburg en Den Bosch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)