Drachten krijt azc foar 15 jier

03 apr 2002 - 00:00

Drachten krijt definityf in azc foar 400 bewenners dat 15 jier stean bliuwt. Dêrmei komt in ein oan de semypermaninte status fan it azc dêr't no noch 600 minsken wenje. De ried fan Smellingerlân is dêr mei akkoart gien.

Amendeminten fan de VVD en de FNP hellen it net. De FNP woe dat der 600 minsken bliuwe kinne en de VVD fûn in perioade fan 15 jier te lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)