Drachten: keatsles foar Finnen

08 apr 2014 - 17:05
  • Keatsynstruksje foar Drachtster en bûtenlânske bern by Liudger (argyf)

Vmbo-learlingen fan CSG Liudger hawwe tiisdei yn Drachten keatslessen folge mei learlingen út Dútslân en Finlân. De bûtenlânske gasten binne hjir fanwege in ynternasjonale útwikseling. Neist Fryske taallessen en allerhanne kulturele aktiviteiten krije de Dútske en Finske gasten ek keatsles.

Dat soe tiisdei op in gersfiljd, mar fanwege de hurde wyn en reinbuien waard de aktiviteit nei in sporthal ferpleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)