Drachten: jild foar ûnderwiis

09 feb 2001 - 12:41

Smellingerlân wol 53 miljoen gûne ynvestearje yn it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it gemeentlik ûnderwiis. It jild sil foaral brûkt wurde foar de finansiering fan in tal nijbouprojekten.

It giet ûnder oare om nijbou fan it Liudgerkolleezje en de realisaasje fan saneamde brede skoallen yn de wenwiken de Drait en de Wiken. Foar 2006 sille 28 projekten útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)