Drachten hat parkearprobleem

13 nov 2008 - 10:21

Yn Drachten moatte mear parkearplakken komme. It CDA yn Smellingerlân hat in enkête holden ûnder mear as 1000 ynwenners en passanten. Dêrút docht bliken dat der grut ferlet is fan ekstra romte foar auto's. Der soene mear plakken komme moatte oan de râne fan it sintrum en yn it sintrum sels.

It CDA jout freed yn syn polityk kafee omtinken oan de kwestje. Smellingerlân stelt ynkoarten syn parkearnota fêst, en it CDA sil de útkomsten fan it polityk kafee dêryn meinimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)