Drachten hâldt Laurus-djipfries

17 nov 2006 - 10:36

It djipfries distribúsjesintrum fan Laurus yn Drachten bliuwt iepen. It konsern kiest foar Drachten boppe Tilburg. Dat betsjut behâld fan wurk- gelegenheid foar 82 minksen.

De fakbûnen yn it Noarden hawwe bot pleite foar behâld fan it sintrum yn Drachten omdat de kosten yn it Noarden leger binne en de arbeidsmoraal heger, neffens it fakbûn CNV. Laurus-Drachten docht de befoarrieding fan de Super-de Boer supermerken yn it hiele lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)