Drachten ferliest bekerfinale

18 apr 2014 - 20:30
  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys
  • De froulju fan Drachtster Boys nei ôfrin fan de wedstryd

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freed yn Amsterdam de bekerfinale tsjin Pernis teloarstellend mei 5-2 ferlern. De tsjinpartij kaam al gau op in 1-0 foarsprong. Dat wie ek stân by it skoft. Yn de twadde helte sochten de Friezen de oanfal, mar it wie Pernis dat skoarde. Lotte Donath fan Drachtster Boys soarge noch wol foar de oanslutingstreffer. Mar it waard 3-1. Coach Jos Alkema probearre noch fia in time-out syn ploech yn de race te hâlden, mar Pernis rûn fierder út nei 5-1. Shannon Viet soarge foar de einstân.

Nei ôfrin fan de bekerfinale waard de lotting bekind makke foar de trije-kamp om de lânstitel. Op freed 25 april spilet Os Lusitanos út Amsterdam thús tsjin Pernis út Rotterdam. De ferliezer fan dat dat duel spilet in wike letter op 2 maaie thús tsjin Drachtster Boys. Op freed 9 maaie treffe de froulju fan Drachten dan yn eigen hûs de winner fan it earste duel. De winner fan dizze trije-kamp is de nije Nederlânske sealfuotbalkampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)