Drachten: Brêge De Piip iepene

25 apr 2014 - 14:51
  • De nije brêge de Piip oer de Drachtster Feart
  • It ferkear rydt al oer de nije brêge

Yn Drachten is freedtemiddei De Piip offisjeel iepene. Oan de nije fêste brêge oer de Suderhegewei en de wer te iepenjen Drachtsterfeart is mear as in jier wurke. Op it plak fan de nije brêge lei eartiids ek in brêge dy't tichtby de skûtsjewerf De Piip fan de bruorren Roorda lei.

Autoferkear, fytsers en kuierders kinne fan trije oere ôf fan de nije brêge gebrûk meitsje. Yn it Drachtsterfeartprojekt wurde noch fiif oare nije brêgen boud. By de iepening wiene ek omwenjenden, oannimmers en oare belutsenen oanwêzich.

Noch foar de simmerfakânsje sil der wer wetter streame yn de nije Drachtsterfeart. Dat sei wethâlder Ties Zweers by de offisjele iepening fan De Piip. Om de feart wer nei it sintrum te bringen wurdt oer in lingte fan ien kilometer grûn fuorthelle en moat de riolearring oanpast wurde. By de earste 500 meter fan de nije feart is it wurk hast klear wêrtroch der foar de simmer noch wetter yn litten wurde kin. It Drachtsterfeartprojekt kostet mei-inoar hast 18 miljoen euro en moat yn 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)