Drachten: 1e ABN Amro-Fortis

10 mrt 2010 - 07:02

Drachten krijt as earste yn Nederlân in kombinearre ABN Amro-Fortis bank. Begjin april krijt de besteande fêstiging fan de ABN Amro oan de Burgemeester Wuiteweg ek in Fortis-baly. It Fortis-kantoar oan de Gauke Boelensstrjitte giet dan ticht.

De kombinearre fêstiging is it gefolch fan de oername fan Fortis troch ABN Amro. Troch dy oername slute yn Nederlân sa'n 150 fêstigings fan de beide banken. Yn de measte gefallen giet it om Fortis-fêstigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)