Drachten: 12 airbags stellen

18 maaie 2007 - 10:40

Ut tolve auto's dy't parkeard stienen yn de wyk De Drait yn Drachten binne de airbags stellen. Fan alle auto's waard in rút ynslein om by de airbags te kommen. Dat waard dien yn de nacht nei Himelfearstdei.

De plysje hat yntusken in wiidweidich buertûndersyk dien, mar dat hat gjin dieder opsmiten. De plysje is dêrom no op syk nei minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)