'Drabbelterp' en 'Fyfkesryk' ree foar karnaval

05 feb 2016 - 08:19
  • Karnaval yn Snits yn 2015

Sneon begjint it karnaval. En hoewol't dit feest yn Fryslân aardich minder libbet as yn de rest fan it lân, wurdt it op ferskate plakken dochs grut fierd. Blauhús feroaret yn it Fyfkesryk, en Snits wurdt Drabbelterp. De Karnavalsferienings binne der al wakker drok mei.

Yn Snits is Sander Balk dit jier Prins Karnaval. Dat wurde je net samar, der giet in hiel konklaaf oan foarôf. Krekt as by it kiezen fan de paus, seit Trea Dam fan karnavalsferiening De Oeletoeters út Snits.

Ald prinzen

Alle âlde prinzen komme bymekoar, en kieze in nije prins. Dy wurdt dan frege. As er ja seit, dan wurdt er de nije prins. As er nee seit, dan wurdt er nea wer frege. 

Sneontejûn organisearret Karnavalsferiening De Bûtenbieners fan Steggerda in feest mei in priis foar de moaiste ferklaaiklean. Steggerda hat de âldste karnavalsferiening fan Fryslân. Yn Snits soargje de Oeletoeters sneontemiddei foar in optocht, en snein is yn Blauhús ek in karnavalsoptocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)