Draakjefleanfeest giet oer

21 jan 2005 - 12:22

It jierlikse ynternasjonale draakjefleanfeest op Lauwerseach giet dit jier net troch. De reden dêrfan is dat de organisaasje alle jierren wer in soad fergunnings oanfreegje moat en dy kostje in soad jild. En de sponsors hâlde dit jier de hân op 'e knip.

It evenemint wie ferline jier al wat lytser fan opset. Dit jier kin it allegearre net mear út. Nei 25 jier komt der no in ein oan it ynternasjonale 'vliegerfeest'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)