Draaiboek foar mega-gryp-epidemy

16 feb 2005 - 14:03

De GGD Fryslân wurket oan in draaiboek foar in nije grutte gryp-epidemy. Der driget in saneamde 'gryp-pandemy'. Dan leit tritich prosint fan 'e befolking plat. Sa'n grutte epidemy sil oan fjouwerhûndert Friezen it libben kostje, sa foarseit de GGD.

Yn it draaiboek wurdt benammen omtinken jûn oan 'e gearwurking tusken sikehuzen, hûsdokters en gemeenten yn it gefal fan in útbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)