Draaiboek foar lytse doarpen

22 okt 2005 - 11:59

In spesjaal draaiboek moat it ienfâldiger meitsje foar lytse doarpen om sels nijbouplannen te realisearjen. Dat draaiboek wurdt makke troch de Feriening Lytse Doarpen, de FLD.

De FLD hat de ôfrûne oardel jier fiif lytse doarpen yntensyf begelaat by har nijbouplannen. Troch yngewikkelde regeljouwing komme der hast gjin nije wenningen by, wylst it ferlet grut is. De kennis dy't opdien is wurdt fêstlein yn in draaiboek foar oare doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)