Draaiboek foar bedriuweterreinen

08 jul 2006 - 15:19

In draaiboek foar it opknappen fan bedriuweterreinen yn Ljouwert moat flaters tefoaren komme. Dat fynt de ienmansfraksje fan de FNP yn de gemeenteried. Dy sil de saak moandei oan 'e oarder bringe yn de kommisjegearkomste.

By it opknappen fan bedriuweterrein- West wie rekkene op in bydrage fan 1,8 miljoen euro fan ûndernimmers. Derfan is mar in tredde part op it kleed kommen. Soks mei net wer, fynt de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)