Draaf Foekje Draaf yn premjêre

10 sep 2011 - 14:06
  • Foto: Omrop Fryslân

It muzykspektakel oer it libben fan atlete Foekje Dillema is freedtejûn yn premjêre gien yn de Ljouwerter Harmonie. Draaf Foekje Draaf is in bysûndere kombinaasje fan brassbandmuzyk, koarsang en perkusje. Stipe troch argyfbylden wurdt it dramatyske libben fan Foekje Dillema beskreaun. De teksten binne fan Bouke Oldenhof en de muzyk is komponearre troch Lowell Dijkstra.

Mear oer Draaf Foekje Draaf nije wike woansdei yn de K-rûte by de omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)