Draaf Foekje Draaf

03 sep 2011 - 12:24
  • De earste repetysje fan koar mei brassband

"Draaf Foekje Draaf", in muzykspektakel foar koar en brassband, giet freed 9 septimber yn premjêre. It stik giet oer Foekje Dillema, de hurdrinster fan Boerum dy't nei in seksetest royearre waard troch it atletykbûn.

Brassband Soli Brass en koar Cantatrix repetearren freed foar it earst meielkoar. Komponist Lowell Dijkstra hearde syn stik foar de allerearste kear útfierd en wie fol lof oer it fakmanskip fan koar en brassband.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)