Dowetil Snits is hast klear

01 mrt 2006 - 12:54

De nije dowetil fan Snits dy't foar minder oerlêst fan dowen soargje moat, is hast klear. De gemeente wol de til delsette op it terrein fan de âld-gemeentekwekerij by it feemerkterrein.

Snits wol it tal dowen net groeie litte. De groei wurdt beheind troch de dowen allinne te fuorjen by de til, sadat ek nije dowen dêrhinne lokt wurde. Fierder wurde dowe-aaien skodde, wêrtroch't se net útbret wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)