Dowesport gjin echte sport

12 aug 2008 - 15:48
  • Fryske dowehâlders binne lilk

Fryske dowehâlders binne lilk no't de rjochter útsprutsen hat de dowesport gjin echte sport is. Der driigje ek finansjele konsekwinsjes troch in heger btw-taryf. Lanlik sjoen soe in bedrach tusken de 50.000 en 100.000 euro ekstra op it kleed lein wurde moatte. De lanlike postdoweferiening NPO stapt mooglik nei de rjochter.

Troch it hegere btw-taryf moat de kontribúsje foar postdoweferienings omheech. Mooglik kostet dat leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)