Dowen de nekke omdraaid

12 sep 2008 - 10:40
  • de bisten binne de nekke omdraaid
  • de spoaren binne stille tsjûgen

Yn in dowehok by in hûs oan de Begoniastrjitte yn Ljouwert binne achttjin dowen ôfmakke. De nekke is omdraaid. De eigner (47) fûn de deade dowen tongersdeitemoarn yn it hok. Der binne noch 10 oer. Hy hâldt al 20 jier dowen. De buert moat der neat fan ha.

De dieder is it hok binnenkaam troch in gat yn it gaas te meitsjen. De plysje ûndersiket de saak. De deade dowen wurde foar de fersekering yn in friezer bewarre. Se ha in wearde fan 20.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)