Dôven easkje erkenning dôvetaal

20 jun 2001 - 00:00

De Europeeske organisaasje fan dôven is begûn mei in kampanje om offisjele erkenning te krijen foar de Europeeske gebaretalen. Nederlân soe de gebaretaal njonken it Frysk en Nedersakysk erkenne moatte as offisjele minderheidstaal.

"Europa moat meartalich wurde foar álle minsken", easket dôve-organisaasje EUD. "Gebaretalen binne folweardige talen, dêr't je alles mei sizze kinne."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)