Dôve âlderein is iensum

30 maaie 2008 - 12:15

Yn Fryske fersoargingshuzen wurdt net genôch omsjoen nei pasjinten mei harkproblemen. Meiwurkers witte faak net iens of ien in harktastel hat. It minder wurden fan it hearren wurdt faak let opmurken. Dêrtroch driigje in soad âlderen it kontakt mei de bûtenwrâld te ferliezen.

Dat skriuwt it Frysk Sintrum foar Dôven en minhearrenden. In spesjaal hânboek moat it fersoarginspersoniel helpe om dizze problemen op te lossen. Ek komme der lesbrieven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)