Douwe Visser nije skipper Grou

26 mrt 2005 - 14:29

Grou hat in nije skûtsje-skipper: de 42-jierrige Douwe Visser. Hy folget Berend Mink op en wie oant no ta de skipper fan it Drachtster skûtsje. Dat is freedtejûn besletten. Visser tinkt dat er yn Grou mear kâns hat om in SKS-titel te winnen as yn Drachten.

Troch de transfer moast Drachten ek op syk nei in oare skipper. Dy is yntusken al fûn: Albert Visser, in neef fan Douwe Visser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)