Douwe Tammingaplein yn Ljouwert?

02 sep 2002 - 00:00

De bekende Fryske skriuwer Douwe Tamminga moat yn Ljouwert ferneamd wurde, sa fynt de PvdA. De 'nestor fan 'e Fryske literatuer' ferstoar yn april dit jier. It stedsbestjoer moat no in plein of brêge nei him neame.

Tamminga wie ien fan 'e oprjochters fan it literatuermuseum FLMD yn Ljouwert. Boppedat skreau er de histoaryske roman 'De boumaster fan 'e Aldehou'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)