Douwe Heeringa hâldt op

12 jul 2009 - 09:55
  • Douwe Heeringa

De 45-jierrige sjonger Douwe Heeringa hâldt dermei op. Hy fynt it moai west nei 27 jier sjongen. Heeringa begong mei syn fertolkingen fan Brel yn it Frysk. Hy hat mei elkoar sân cd's makke. De alderearste cd, Brel in Fries, wie it meast suksesfol. Dêrfan binne der mear as 30.000 ferkocht.

Twa jier lyn stie Heeringa yn de Opera de la Bastille yn Parys. Ek hat er in oantal konserten yn Boedapest dien. It lêste optreden fan Heeringa is snein yn Aldeberkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)