Douwe Elias skildert Beatrix

08 des 2005 - 14:26

De Fryske skilder Douwe Elias hat in portret makke fan keninginne Beatrix. It portret is bedoeld foar de nije riedsseal fan de gemeente Ljouwert. It skilderij is in geskink fan de stifting Sint Anthoon.

De stifting fûn it 25-jierrich regearingsjubileum fan Beatrix in goede oanlieding om in skilderij meitsje te litten foar de nije riedsseal fan Ljouwert. It sil op 21 desimber oanbean wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)